bronnen

Eindexamen fries havo 2001, tijdvak 1

bij dit examen

Lês earst de tekst goed troch. Beäntwurdzje dêrnei de fragen en meitsje de gearfetting.

opgave 1Tekst 1 Striid om Frysk yn gemeenterie

De boargemasters Cornelis en Van der Zaag wolle beide de ferklearring dy’t heart by de
beëdiging fan riedsleden, net yn it Frysk foarlêze. Sy brûke lykwols ferskillende arguminten.
12p
Neam dy arguminten. Brûk net mear as 15 wurden.

opgave 2Tekst 2 Arrogant

De FNP docht twa ferskillende kwalifisearjende útspraken oer de beide boargemasters.
22p
Helje dy oan út alinea 3. Brûk net mear as 10 wurden.
’Fryslân is … it Nederlânsk’ (r. 17–18).
32p
Hokker sin út tekst 1 komt it meast dêrmei oerien? Sitearje dy sin.
Eartiids waard net Frysk praat yn in riedsgearkomste (alinea 7).
42p
Wat foar type fan drôchreden wurdt dêrfoar yn dyselde alinea neamd?
A De persoanlike oanfal.
B It autoriteitsargumint.
C It bespyljen fan it publyk.
D It fertekenjen fan in stânpunt.
Yn alinea 3, 6 en 8 wurdt de FNP neamd.
54p
Sitearje út ien fan dy alinea’s de sin dy’t de frustraasjes fan de FNP it sterkst werjout.
64p
Hokker situaasje yn gemeenterieden sprekt Hylkema it meast oan?
A As de boargemaster net Frysktalich is, soe er it yn alle gefallen yn it Ingelsk besykje kinne.
B De boargemaster moat – ek al hat er it Frysk net goed yn ’e macht – besykje in pear
wurden Frysk te praten.
C De Frysktalige riedsleden moatte minder seure oer taalflaters fan oarstaligen dy’t besykje
Frysk te praten.
D Elkenien sprekt de taal dy’t him it bêste leit.
It is al moai, neffens Hylkema, as immen dy’t net Frysktalich is, besiket Frysk te praten.
Dan moat men net begjinne te seuren oer taalflaters.
74p
Is boargemaster Van der Zaag (sjoch tekst 1) it dêrmei iens? Ljochtsje dyn antwurd ta.
Brûk net mear as 15 wurden.
1 Hylkema is it iens mei de argumintaasje fan Cornelis (sjoch tekst 1).
2 Hylkema is it iens mei de argumintaasje fan Van der Zaag (sjoch tekst 1).
84p
Hokker bewearing is wier?
A 1 en 2 binne beide wier.
B 1 is wier, 2 is net wier.
C 1 is net wier, 2 is wier.
D 1 en 2 binne beide net wier.
94p
Hokker funksje hat alinea 10? Kies út de folgjende begripen: gearfetting, gefolch,
konklúzje, taljochting, tsjinstelling.

opgave 3Tekst 3 ’Taalrel’ yn Opsterlân en Smellingerlân

1 De Groot is it iens mei de argumintaasje fan Cornelis (sjoch tekst 1).
2 De Groot is it iens mei de argumintaasje fan Van der Zaag (sjoch tekst 1).
104p
Hokker bewearing is wier?
A 1 en 2 binne beide wier.
B 1 is wier, 2 is net wier.
C 1 is net wier, 2 is wier.
D 1 en 2 binne beide net wier.
114p
Doocht de neikommende stelling: ’Friezen binne krekt Frânsen; Pieter de Groot is dêrfan
in typearjend foarbyld.’ Ljochtsje dyn antwurd ta mei gegevens út tekst 2 en 3. Brûk net
mear as 30 wurden.
123p
Jou foar de earste trije teksten apart oan ta hokker tekstsoarte sy rekkene wurde moatte.
Meitsje in kar út de neikommende tekstsoarten: beskôging, útiensetting, riddenearring.

opgave 4Tekst 4 Prate jo NOCH …?

133p
Wat drukt de tafoeging ’noch’ út – sûnder dat it mei safolle wurden sein wurdt – yn
rigel 64? Brûk net mear as 15 wurden.
143p
Doocht de neikommende stelling: ’In deade taal wurdt hielendal net mear brûkt.’
Motivearje dyn antwurd. Brûk net mear as 15 wurden.
153p
Set de neikommende wurden ûnder it kopke ’Highlands’ of ûnder it kopke ’Lowlands’:
1. Ingelsktalich 2. skieppehâlders en fiskerslju 3. polityk en ekonomysk sterker
4. East-Sutherland 5. ôfstjerproses 6. sosjaal swakkere taal
164p
Hokker funksje hat alinea 17? Kies út de folgjende begripen: gearfetting, gefolch,
konklúzje, taljochting, tsjinstelling.
Dorians stúdzje lit sjen wannear’t in taal ôfstjert.
174p
De wichtichste oarsaak is dat:
A de oarspronklike befolking fuorttrekt.
B sprekkers fan in minderheidstaal mei oarstaligen trouwe.
C sprekkers fan in minderheidstaal wurden en sinskonstruksjes út de dominante taal
oernimme.
D sprekkers fan in taal mei in hegere sosjale status in oerhearskjende ynfloed krije.
Ytsma (sjoch tekst 5) en Jonkman ha it beide oer it funksjonearjen fan it Frysk.
184p
Wa fan beiden is dêroer it meast optimistysk? Ljochtsje dyn antwurd ta en behelje dêryn
beide skriuwers. Brûk net mear as 25 wurden.
Tink derom: De lêste fragen fan dit eksamen steane op de oare side.
195p
Wat is de haadgedachte fan tekst 4: Prate jo NOCH …?
A As sletten rûnten mei inkeld sprekkers fan in minderheidstaal, lykas it Gealic yn de
Skotske Highlands, iepenbrutsen wurde en feroarje yn rûnten mei mear sprekkers fan de
dominante taal, stjert de minderheidstaal ôf.
B Dat oan it begjin fan de 21ste ieu noch 450.000 minsken yn Fryslân Frysk prate kinne, is
gjin praat: yn 2001 kinne hast sa’n heal miljoen minsken Frysk prate.
C In taal dy’t net mear yn de eigen mienskip ynbêde is, lykas it Gaelic yn de Skotske
Highlands, stjert ôf.
D It stjerren fan in minderheidstaal hâldt yn dat dy taal folslein oerjûn wurdt; it oernimmen
fan hieltyd mear wurden en sinskonstruksjes út in dominante taal is in teken fan libben: as
in ding net feroaret, is it dea.
E It tsjûget fan arrogânsje om ien te freegjen oft er ’noch’ in bepaalde taal of in bepaald
dialekt praat; itselde jildt foar de omskriuwing dat der ’noch’ safolle minsken dy en dy
taal prate.
F Neat is wisser as de taaldea, mar neat is ûnwisser as de oere fan de taaldea.

opgave 5Tekst 5 Taal of dialekt

2025p
Fetsje tekst 5 gear yn maksimaal 70 wurden.