bronnen

Eindexamen fries havo 2024, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 It firus fan lok

“‘Dy kolleezjes … depressyf binne.’” (ynlieding)
11p
Hokker funksje hat it sitaat fan Jeroen Stek yn it ynliedende tekstpart?
A It formulearret in anekdoate.
B It formulearret in konklúzje.
C It formulearret in probleemstelling.
D It formulearret in stânpunt.
Yn alinea 1 wurdt Jeroen Stek fierder yntrodusearre.
21p
Sitearje it wurd út de ynlieding dat Stek it bêste beskriuwt.
Yn alinea 2 wurdt in ûndersyk fan de universiteit fan Harvard oanhelle.
31p
Sitearje de sin dêr’t de wichtichste konklúzje fan dat ûndersyk yn jûn
wurdt.
“‘it giet om in dierbere en djippe konneksje mei oaren.’” (r. 30 en 31)
41p
Sitearje út alinea 2 de twa wurden dy’t de basis binne fan dierbere en
djippe konneksjes.
51p
Hokker advys jout Stek yn de alinea’s 3 en 4 om mei positive emoasjes
om te gean?
A Positive emoasjes moat men fêstlizze.
B Positive emoasjes moat men mear oandacht jaan.
C Positive emoasjes moat men stjoere.
D Positive emoasjes moat men traine.
61p
Hokker advys jout Stek yn de alinea’s 3 en 4 om mei negative emoasjes
om te gean?
A Men moat jin skamje foar negative emoasjes.
B Men moat negative emoasjes erkenne.
C Men moat negative emoasjes mei frjemden diele.
D Men moat negative emoasjes sêft meitsje.
71p
Sitearje it sinpart út alinea 4 wat it gefolch is ast negative emoasjes
ûnder it kleed fagest.
Yn rigel 71 stiet it wurd “‘knoffeljendewei’”.
81p
Lis yn eigen wurden út wat Jeroen Stek mei boppesteande wurd bedoelt.
92p
Nim it skema oer en folje de trije stappen yn dy’t neffens alinea 6 nedich
binne om it lichem yn in goede balâns tusken kortisol en DHEA te bringen.
Stap 1   Stap 2   Stap 3  
101p
Lis yn eigen wurden út wêrom’t boartsjen neffens Stek goed is om it brein
yn in mear ûntspannen tastân te krijen.
Basearje dyn antwurd op alinea 7.
Yn alinea 9 wurdt in tsjinstelling jûn.
111p
Beskriuw dy tsjinstelling.
“Hieltyd in … kennis dus.” (r. 158-160)
121p
Yn hokker twa alinea’s yn de tekst wurdt it belang fan dissipline oanjûn?
A yn alinea 3 en 5
B yn alinea 3 en 8
C yn alinea 5 en 9
D yn alinea 8 en 9
“sûnder dat der in pil oan te pas komt.” (ynlieding)
131p
Sitearje de sin út de alinea’s 8 oant en mei 10 der’t dy útspraak yn
nuansearre wurdt.
141p
Hokker doelen hat Stek mei it teäterkolleezje benammen foar eagen?
A advisearje en ynformearje
B advisearje en oantrune
C ferdivedearje en ynformearje
D ferdivedearje en oertsjûgje
151p
Wat is it wichtichste doel fan de skriuwer mei dizze tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje

opgave 2Tekst 2 Harkje ek ris nei it plattelân

161p
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1?
A Der wurdt in anekdoate jûn.
B Der wurdt in miening út de doeken dien.
C Der wurdt in sintrale fraach steld.
D Der wurdt in skiednis sketst.
Yn de alinea’s 2 en 3 sketst de skriuwster in byld hoe’t it har as studinte
yn de Nederlânske haadstêd fergien is.
171p
Sitearje de twa opienfolgjende wurden út alinea 1 dy’t as tuskenkopke
boppe dy twa alinea’s as bêste passe.
181p
Beskriuw de tsjinstelling yn it hâlden en dragen fan de skriuwster as
studinte yn Amsterdam.
Basearje dyn antwurd op alinea 3.
191p
Wêrom harke de skriuwster yn har Amsterdamske jierren nei Omrop
Fryslân?
Neam twa redenen.
201p
Wat is it ferbân tusken “Dan wurde … de sûpkeet’.” (r. 62-70) en
“Untkrêftsjende berjochten oer stereotypen binne der meastal net.”
(r. 71 en 72)?
A It is in oarsaaklik ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 21 en 22.
“Guon plattelânslju lizze harren del ûnder dy hiërargyske struktuer dy’t
harren oplein wurdt”. (r. 84-86)
211p
Sitearje it wurd út alinea 5 dat itselde karakter hat as “hiërargyske
struktuer dy't harren oplein wurdt”.
221p
Wat wurdt der yn dizze tekst mei “dy hiërargyske struktuer” bedoeld?
A Dat de minsken út de stêd harren boppe plattelânslju sette.
B Dat de plattelânslju de advizen út de stêd net opfolgje.
C Dat de plattelânslju in calimerokompleks ûntwikkelje.
D Dat guon stereotypen tankber eigen makke wurde.
232p
Op hokker trije ferskillende wizen reagearje plattelanners op de stedske
byldfoarming fan harren?
Helje dyn antwurd út de alinea’s 6 en 7.
Yn rigel 125 brûkt de skriuwster de term “agraryske archetype”.
241p
Sitearje it sinpart út alinea 7 dat it foarbyld jout fan boppesteand begryp.
Yn de alinea’s 9 en 10 wurde de resultaten beskreaun fan it lytse
ûndersyk dat de skriuwster dien hat.
251p
Wat is de misfetting dy’t der hearsket oer minsken fan it plattelân?
“Dus in foaroardiel oer in foaroardiel.” (r. 131 en 132)
261p
Lis op basis fan alinea 9 yn eigen wurden út hokker foaroardiel oft de
plattelânsbewenners hawwe.
271p
Wat is de oarsaak derfan dat plattelânsbewenners in better byld hawwe
fan stedsbewenners as oarsom?
Helje dyn antwurd út alinea 10.
Yn alinea 10 jout de skriuwster in oanrikkemandaasje oan
stedsbewenners.
281p
Hokker oanrikkemandaasje is dat?
Yn de alinea’s 10 en 11 jout de skriuwster trije oanrikkemandaasjes foar
plattelânsbewenners.
292p
Hokker trije punten binne dat?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 30 en 31.
Yn de alinea’s 12 en 13 jout de skriuwster in beskriuwing fan hoe’t har
bertedoarp him ûntwikkele hat yn de tiid dat se der net wenne.
303p
Jou de fiif positive punten fan dy ûntwikkeling.
311p
Wat is in negatyf punt fan dy ûntwikkeling?
A De winkels misse noch.
B Der is te min wenromte.
C Eardere klasgenoaten komme werom.
D Eardere klasgenoaten wurkje foar stedske bedriuwen.
321p
Hokker skaaimerken hat alinea 15?
A Alinea 15 befettet in ferklearring en in advys.
B Alinea 15 befettet in konklúzje en in winsk.
C Alinea 15 befettet in warskôging en in winsk.
D Alinea 15 befettet nije ynformaasje en in advys.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
331p
Wa is of wa binne neffens de skriuwster ferantwurdlik foar de kleau tusken
de stêd en it plattelân?
A benammen de plattelânsbewenners
B benammen de stedsbewenners
C sawol de plattelânsbewenners as de stedsbewenners
D noch de plattelânsbewenners noch de stedsbewenners
Yn rigel 220 hat de skriuwster it oer “myn eigen syktocht”.
341p
Yn hokker alinea omskriuwt de skriuwster wêrom’t sy dy syktocht begûn?
A alinea 1
B alinea 2
C alinea 3
D alinea 4
351p
Hokker soart tekst is ‘Harkje ek ris nei it plattelân’?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.