opgave 1Tekst 1 Geart de Vries beskriuwt it libben fan Tiny Mulder
11pWilly van der Meer hat dit artikel skreaun.
Wêr giet it har om yn alinea 1?
A Se leit út wat Geart de Vries dien hat.
B Se leit út wat Geart de Vries fan Tiny Mulder fynt.
C Se leit út wat in autobiografy is.
D Se leit út wêrom’t Geart de Vries dit boek skreaun hat.
21pHokker ferbân wurdt yn alinea 1 útdrukt troch it wurdsje “al” (r. 6)?
A ferlykjend ferbân
B opsomjend ferbân
C tsjinstellend ferbân
D útwreidzjend ferbân
Dizze ynlieding heart by fraach 3 en 4.
Yn alinea 2 is sprake fan in “biografyske autobiografy”.
31pWêrom soesto it boek fan Geart de Vries in biografy neame kinne?
41pWêrom soesto it boek fan Geart de Vries in autobiografy neame kinne?
51pWêrom giet it yn alinea 3 oer it boek fan Douwe Tamminga?
A Geart de Vries hat Douwe Tamminga goed kinnen.
B Geart de Vries hat ûnderfining mei dizze wurkwize.
C Douwe Tamminga hat ek sa’n boek skreaun.
D Douwe Tamminga is ek in bekend Frysk skriuwer.
62pYn alinea 3 hat Geart de Vries it oer syn wurkwize.

Hokker twa arguminten jout hy foar de kar fan dy wurkwize?
71pWat is it ferbân tusken de lêste sin fan alinea 4 (r. 64-66) en it begjin fan
alinea 5 (r. 67-68)?
A konkludearjend ferbân
B opsomjend ferbân
C tsjinstellend ferbân
D útlizzend ferbân
81p“Der is fansels ek in lang en wurksum bestean achteroan kommen” (r. 76-77)
Foar wa jildt dat?
A de piloaten
B Evelijn
C Tiny Mulder
D Tiny Mulder en Evelijn
E Tiny Mulder en de piloaten
F Tiny Mulder, Evelijn en de piloaten
91pIt joadske famke Evelijn is deselde as Anneke yn de roman “Tin iis”.
Mar yn alinea 2 stiet: “Feiten en nammen moatte doge” (r. 22)

Kin Anneke yn de roman “Tin iis” deselde persoan wêze as Evelijn?
Lis út wêrom al of wêrom net.
Brûk net mear as 15 wurden.
102pYn har boek “Tin iis” beskriuwt Tiny Mulder har eigen oarlochstiid.

Wêrom hat Tiny Mulder foar de romanfoarm keazen en net foar in
autobiografy?
Helje dyn antwurd út alinea 1.
111p‘De oarloch makke har ek selsstannich’. (alinea 6, r. 94-95)

Sitearje it sinpart út alinea 4 dêr’t út bliken docht dat sy ek sa grutbrocht is.
122pOp hokker wizen hat Tiny Mulder it jild byinoar krigen foar har reis nei Amearika
yn 1947?
131pYn ’e oarloch hat Tiny Mulder in hiel soad piloaten holpen om Nederlân út te
kommen. Nei de oarloch kriget se in hiel oar byld fan dy minsken as yn de
oarloch.

Sitearje in sin dêr’t dat út bliken docht.
141pGeart de Vries seit yn alinea 9: ‘Se hie in hiel goeie bûtenlânkorrespondinte
wêze kind.’ (r. 137-138)

Hokker argumint jout hy dêr foar?
151pNeist feiten komme yn dizze tekst in soad mieningen foar.
Fan wa binne dy mieningen?
A Fan Geart de Vries
B Fan Geart de Vries en Tiny Mulder
C Fan Tiny Mulder
D Fan Tiny Mulder en Willy van der Meer
E Fan Willy van der Meer
F Fan Willy van der Meer en Geart de Vries
Dizze ynlieding heart by fraach 16 en 17.
Yn alinea 3 seit Geart de Vries dat der yn it libben fan Tiny Mulder in soad bard
is, ‘net allinne de oarloch, mar ek de sjoernalistyk en har dichtsjen en oersetten
hawwe fan grut belang west.’ (r. 43-46)
161pYn hokker alinea(s) is de oarloch it wichtichste ûnderwerp?
171pYn hokker alinea(s) is de sjoernalistyk it wichtichste ûnderwerp?
181pAs sjoernaliste skreau Tiny Mulder stikken foar de krante. Dêrneist hat se ek
fiksje skreaun.

Hokker foarbylden wurde dêrfan neamd yn de tekst?
191pWat is it wichtichste skriuwdoel fan dit artikel fan Willy van der Meer?
A ferdivedearje
B oantrune
C oertsjûgje
D ynformearje
opgave 3Tekst 3 De Brêge ferbynt generaasjes en muzykstilen
241pWat is de funksje fan alinea 1?
A De oanlieding foar it skriuwen fan de tekst stiet der yn.
B De oanlieding foar it skriuwen fan de tekst en it ûnderwerp fan de tekst
steane der yn.
C De útlis fan it nije begryp ‘hiphoppopera’ stiet der yn.
D It ûnderwerp fan de tekst en de útlis fan it nije begryp ‘hiphoppopera’ steane
der yn.
251pWêr ferwiist ‘se’ yn regel 8 nei?
A Nei ‘hiphop’ en ‘gewoane‘popmuzyk’
B Nei ‘in doarpsfamke en har mem’
C Nei ‘Om ’e Noard’ en in ploechje jonge artysten’
261pHokker bewearing is wier neffens alinea 2?
A Omdat Becker syn hûs âld is, is it frij gehoarich.
B Omdat Becker syn hûs frij gehoarich is, moast hy de muzyk fan syn soannen
wol hearre.
C Omdat Becker syn soannen rap en hiphop draaiden, kaam hy net mear oan
folkmuzyk ta.
D Omdat Becker syn soannen rap en hiphop moai fine, harkje se net nei ‘Om
’e Noard’.
271pHokker ferbân is der tusken alinea 2 en alinea 3?
A Yn alinea 2 wurde pop en hiphop neamd, alinea 3 giet oer de skiednis fan dy
twa.
B Yn alinea 2 wurde pop en hiphop neamd, alinea 3 giet oer de takomst fan dy
twa.
C Yn alinea 2 wurde pop en hiphop neamd, alinea 3 giet oer ferskillen tusken
dy twa.
D Yn alinea 2 wurde pop en hiphop neamd, alinea 3 giet oer oerienkomsten
tusken dy twa.
282pNeffens Beckers wiene der froeger ek wol muzykstilen dy’t oars wiene, lykas
rock ‘n roll en punk (alinea 3).

Wat is neffens him in ferskil tusken dy beide muzykstilen fan doe en de
hiphopmuzyk fan no? Helje it antwurd út alinea 3. Brûk net mear as 20
wurden.
291pWat is it ferbân tusken de lêste sin fan alinea 3 (r. 27-31) en alinea 4?
A Yn dy sin docht Beckers in útspraak, yn alinea 4 beärgumintearret hy dy.
B Yn dy sin docht Beckers in útspraak, yn alinea 4 ferbynt hy dêr konklúzjes
oan.
C Yn dy sin docht Beckers in útspraak, yn alinea 4 stiet it gefolch dêrfan foar
syn muzyk.
301pWêr ferwiist it wurd ‘se’ yn rigel 32 nei?
312pHokker redenen (sjoch alinea 5) wiene der foar ‘Om ’e Noard’ om mei hiphop
oan ’e slach te gean?
321pHokker bewearing is neffens alinea 5 wier?
A It stik ‘De Brêge’ is foaral bedoeld foar âldere minsken dy’t neat fan hiphop
witte.
B It stik ‘De Brêge’ is it earste optreden fan ‘Om ’e Noard’ mei
hiphopynfloeden.
C It stik ‘De Brêge’ wurdt ien kear yn ‘De Koornbeurs’ yn Frjentsjer spile.
D It stik ‘De Brêge’ wurdt nei de premjêre ek op oare plakken spile.
331pWat is it ferbân tusken de earste en de twadde sin fan alinea 6?
A konludearjend
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
341p“Dêrmei jouwe se oan dat de muzyk op it foarste plak komt.”(r. 59-60)
Hokker reden jout Beckers dêr yn it ferfolch fan alinea 6 foar?
A As muzikanten it advys krije om fan harsels út te gean, dan stiet muzyk
foarop.
B Beckers fynt de rol fan it ferhaal yn in programma noait belangryk.
C De artysten fan ‘De Brêge’ wolle allinne mar muzyk meitsje.
D Skriuwster Hanneke de Jong hat de groep fan ‘De Brêge’ dat advys jûn.
351pHokker karakter hat alinea 8?
A Fedde Dykstra, skriuwer fan tekst 3, jout ynformaasje oer it stik “De Brêge”.
B Fedde Dykstra, skriuwer fan tekst 3, leit út wat hy fan it stik “De Brêge” fynt.
C Fedde Dykstra, skriuwer fan tekst 3, trunet syn lêzers oan nei “De Brêge” ta
te gean.
361pHokker wurd út alinea 8 jout dúdlik oan dat de muzyk fan ‘De Brêge’ wichtiger is
as de toanieltekst?
371pYn alinea 1 en yn alinea 5 wurdt steld dat Beckers hiphop en pop mei elkoar
ferbine wol.

Sitearje it tekstpart út alinea 8 dêr’t dy ferbining ek yn oan ’e oarder komt.
381pYn de alinea’s 1 oant en mei 8 is te lêzen dat der ferskillende brêgen slein
wurde, dat wol sizze: der wurde ferbiningen makke tusken persoanen en/of
saken.

Hokker brêge komt dêr yn alinea 9 noch by?
391pMei hokker wurd is de relaasje tusken alinea 9 en alinea 10 it bêste oan te
tsjutten?
A ferskil
B oerienkomst
C opsomming
D tsjinstelling
Tekst 3 is te ferpartsjen yn fjouwer dielen:
Diel 1 giet oer ferskillende muzykstilen.
Diel 2 giet oer it ûntstean en de tarieding fan ‘De Brêge’.
Diel 3 giet oer ynhâld en opset fan ‘De Brêge’.
Diel 4 giet oer de gefolgen fan ‘De Brêge’ foar de Beckers-húshâlding.
401pMei hokker alinea begjint diel 2?
A alinea 2
B alinea 3
C alinea 4
D alinea 5
411pMei hokker alinea begjint diel 3?
A alinea 5
B alinea 6
C alinea 7
D alinea 8
421pMei hokker alinea begjint diel 4?
A alinea 6
B alinea 7
C alinea 8
D alinea 9
431pIn skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 de miening fan in oar
3 syn eigen miening
Wêr makket Fedde Dijkstra, skriuwer fan tekst 3, gebrûk fan?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 2 en 3
D 1, 2 en 3
441pWat is de bêste karakterisearring fan de titel fan tekst 3?
A De titel ferwiist nei in dielûnderwerp út tekst 3.
B De titel neamt it ûnderwerp fan tekst 3.
C De titel is de haadgedachte fan tekst 3.
D De titel is in sitaat út tekst 3.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.