bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2016, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Tatoeaazjes gjin beswier

11p
Hoe is alinea 1 opboud?
A It is in beskriuwing mei in konklúzje.
B It is in ferliking tusken ûntwikkelingen.
C It is in opsomming fan foarbylden.
D It is in stelling mei arguminten.
21p
Hokker ferbân is der tusken alinea 1 en alinea 2?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
32p
Yn alinea 3 wurdt beskreaun hoe’t tatoes stadichoan populêr waarden.
Hokker twa ûntwikkelingen hawwe hjirby in rol spile?
Helje dyn antwurden út alinea 3.
42p
Yn alinea 3 wurdt beskreaun hoe’t tatoes stadichoan populêr waarden.
Sitearje in wurd út alinea 2 en in wurd út alinea 4 dêr’t út bliken docht
dat tatoes populêr waarden.
51p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 4?
A Deistige saken yn tatoeshops
B Fan standert nei maatwurk
C Realityshows op ’e telefyzje
D Tribals en dolfyntsjes
61p
Hokker bewearing past it bêste by alinea 5?
A Der wurde yn Amearika mear ûndersiken nei tatoeaazjes dien as yn
Nederlân.
B Der wurde mear persoanlike tatoes betocht troch manlju as troch
froulju.
C Der wurde stadichoan mear tatoes set by froulju as by manlju.
D Der wurde tsjintwurdich mear tatoes set as foarhinne it gefal wie.
71p
“De iene trend stroffelet oer de oare.” (rigel 75)
Hoe komt dat neffens de skriuwer?
81p
“De iene trend stroffelet oer de oare.” (rigel 75)
Hokker stylmiddel brûkt de skriuwer hjir?
A byldspraak
B eufemisme
C irony
D paradoks
92p
Wêrom wegeret Horwitz om tatoes mei fûgeltsjes en fearkes te setten?
Neam twa redenen.
101p
Wat is de haadgedachte fan alinea 7?
A Ferneamde minsken wurde noch hieltyd as trendsetters sjoen.
B Hjoeddeiske trendsetters hawwe benammen tatoes mei tekst.
C It binne net allinne nasjonale tv-stjerren dy’t as trendsetter sjoen
wurde.
D Tsjintwurdich binne benammen Ingelsktalige tatoes populêr.
112p
Yn de rigels 97-99 stiet dat de tatoetrend oanslút by in ferlet fan
selsekspresje en yndividualiteit. Dat jildt lykwols net foar alle aspekten fan
de tatoetrend.
Neam twa ferskynsels dy’t de konklúzje fan de skriuwer tsjinsprekke.
Basearje dyn antwurd op de alinea’s 6 en 7.
121p
“De tiid dat in tatoeaazje de garânsje wie foar libbenslange wurkleazens is
foarby.” (rigels 105-107)
Yn hokker alinea sketst de skriuwer dat byld oer tatoes?
A yn alinea 1
B yn alinea 2
C yn alinea 3
D yn alinea 4
131p
Wat is de haadgedachte fan dizze tekst?
A Tatoes binne altiten in útdrukking fan ien syn yndividualiteit en
selsekspresje.
B Tatoes kinne der noch altiten foar soargje dat ien gjin wurk kriget of
ûntslein wurdt.
C Tatoes wurde yn de rin fan de tiid stadichoan mear akseptearre en
persoanliker.
D Tatoes wurde stadichoan mear bepaald troch ynternetraazjes en
ferneamde persoanen.
141p
Hokker bewearing past it bêste by de tekst?
A De tekst is foaral ferdivedearjend.
B De tekst is foaral ynformatyf.
C De tekst is foaral oantrúnjend.
D De tekst is foaral oertsjûgjend.

opgave 2Tekst 2 It famke yn de mist

151p
Hokker funksje hat it ynliedende tekstpart “De kâns... protte
boekomkaften”?
De sinnen foarmje
A in yntroduksje fan de haadpersoan.
B in konklúzje by de tekst.
C in probleemstelling foarôf.
D in stânpunt fan de skriuwer.
161p
“‘Dan muoit it my gewoan dat ik der net op út kin’”. (rigels 6-7)
Wêr slacht it wurdsje ‘dan’ op werom?
171p
“‘Ik hâld... de BBC-kostúmdrama’s.” (rigels 10-18)
Yn dit sitaat wurdt beskreaun wêr’t Mirjan van der Meer fan hâldt.
Hokker funksje hat dy beskriuwing?
Der wurdt wat sein oer
A de styl fan Mirjan har foto’s.
B doelen dy’t Mirjan harsels stelt.
C Mirjan har stúdzje Ingelsk.
D wat Mirjan yn har frije tiid docht.
181p
“en dêrmei begûn sy harsels op de foto te setten.” (rigels 22-24)
Hokker wurd út deselde alinea slút hjir ynhâldlik by oan?
191p
“Mear siet der net efter” (rigel 36)
Wêrnei wurdt hjir ferwiisd?
A dat Mirjan de namme Mirjan Rooze brûkt
B dat Mirjan har foto’s op deviantart.com sette
C dat Mirjan wat hat mei blommen en roazen
201p
Wat is it ferbân tusken alinea 3 en alinea 4?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oanfoljend ferbân.
C It is in redenjouwend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
211p
Hoe ûntdiek Mirjan dat har foto brûkt wie foar in boekomkaft?
A De útjouwer hie Mirjan fûn en har berjocht dien.
B Kunde fan Mirjan seach har op de foto fan in boekomkaft stean.
C Op fakânsje yn Italië rûn sy by in etalaazje lâns.
D Sy seach reklame foar in Nederlânsktalige oersetting.
221p
“Hieltyd mei it gesicht fan Mirjan van der Meer derop.” (rigels 61-63)
Wat wurdt mei dizze sin bedoeld?
A Der binne etalaazjes fol mei boeken mei har gesicht derop.
B Ek op de website fan de útjouwer fynst har gesicht.
C Har gesicht stiet op útjeften yn ferskillende talen.
232p
Wat binne de twa oerienkomsten tusken Mirjan van der Meer en Paolo
Giordano?
Helje de beide oerienkomsten út alinea 5.
241p
“Har heit hat om dat te ûnderstreekjen, spesjaal foar it petear, it
finsterbank fol set mei alle boeken.” (rigels 90-93)
Wêrnei ferwiist it wurd ‘dat’?
A it ferskaat oan omkaften
B it ferskaat oan talen
C it ferskaat oan útjouwers
251p
“Se fotografearret sa puer mooglik” (rigels 107-108)
Sitearje de sin dy’t oanjout wêrom’t Mirjan sa puer mooglik
fotografearje wol.
Helje dyn antwurd út alinea 7.
261p
“‘Ik wie der wiken ôf.’” (rigel 117)
Wat bedoelt Mirjan hjirmei?
A Mirjan hat in skoft gjin foto’s makke fanwegen min waar.
B Mirjan koe net wurkje omdat har fototastel stellen wie.
C Mirjan wie fertrietlik omdat sy in protte foto’s kwyt rekke wie.
D Mirjan wie net yn foarm en har foto’s mislearren.
271p
“Mei al dy boekomkaften kaam ek de bekendheid.” (rigels 118-119)
Sitearje it sinpart út alinea 8 dat oanjout wat Mirjan fan dy bekendheid
fynt.
281p
Wat is it ferbân tusken alinea 8 en alinea 9?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oanfoljend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
291p
“Yn de spotlights is dat oars.” (rigel 138)
Wat is der neffens Mirjan oars yn de spotlights?
A Sy fielt harsels dan ynienen ûnrêstich.
B Sy hat dan gjin kontrôle oer de situaasje.
C Sy kin dan minder yntuïtyf wurkje.
D Sy moat dan yn it iepenbier hannelje.
301p
“‘Ik wit net goed wat ik dêroer sizze moat, ik haw der net oer neitocht.’”
(rigels 149-151)
Hokker alinea’s befetsje tekstparten dy’t hjir ynhâldlik by oanslute?
A de alinea’s 1 en 3
B de alinea’s 1 en 4
C de alinea’s 2 en 3
D de alinea’s 2 en 4

opgave 3Tekst 3 Emoasje by de oranjekoeke

311p
De earste alinea fan in tekst kin ûnder mear de folgjende funksjes
hawwe:
1 it yntrodusearjen fan in belutsene
2 it jaan fan in gearfetting foarôf
3 it neamen fan de oanlieding
Hokker funksje(s) hat alinea 1?
A funksje 1
B funksje 2
C funksje 3
D funksjes 1 en 2
E funksjes 2 en 3
322p
Tryntsje Nauta jout oranjekoeke fan Bakker Friso út Bitgummole by de
kofje. (rigels 1-4)
Wêrom is dat logysk neffens de skriuwer?
Neam twa redenen.
331p
Wêrfoar komt de yn de bus ynboude fotostudio te pas?
A om de bakkers reistiid te besparjen
B om de oranjekoeken krektgelyk te fotografearjen
C om de oranjekoeken mei de bakkers derby te fotografearjen
D om de stazjêre dêr it fak by te bringen
341p
Wat is it ferbân tusken it tekstpart “Tryntsje har … in keunstwurk.’”
(rigels 36-38) en de rest fan alinea 4?
A konkludearjend
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
351p
“Ja, oranjekoeke makket wat los.” (rigel 48)
Wat is it ferbân tusken dizze sin en de foarige alinea?
A konkludearjend
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
361p
“Ja, oranjekoeke makket wat los.” (rigel 48)
Wat is it ferbân tusken dizze sin en de rest fan de alinea?
A konkludearjend
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
371p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 6?
A Brulloftsgebak
B Resept
C Riedsels
381p
By hokker alinea past it kopke: ‘Efterútgong’ it bêste?
A by alinea 3
B by alinea 5
C by alinea 7
D by alinea 8
De volgende inleiding hoort bij de vragen 39 en 40.
De tekst is te ferdielen yn trije parten:
1 de fotografe
2 de oranjekoeke
3 it projekt
391p
By hokker alinea begjint part 2?
A alinea 3
B alinea 4
C alinea 5
401p
By hokker alinea begjint part 3?
A alinea 6
B alinea 7
C alinea 8
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
411p
‘Emoasje by de oranjekoeke’ is de titel fan de tekst.
Yn hokker alinea komt dy emoasje it meast nei foaren?
A yn alinea 1
B yn alinea 3
C yn alinea 5
D yn alinea 8
421p
Wat foar tekst is ‘Emoasje by de oranjekoeke’?
A It is foaral in ferdivedearjende tekst mei oertsjûgjende eleminten.
B It is foaral in ynformearjende tekst mei ferdivedearjende eleminten.
C It is foaral in oantrúnjende tekst mei ferdivedearjende eleminten.
D It is foaral in oertsjûgjende tekst mei ynformearjende eleminten.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.