opgave 1Tekst 1 Taalbelied
Mei it wurd ‘lykwols’ (r. 2) wurdt in tsjinstelling tusken de earste beide sinnen oanjûn.
12p
Lis út wat dy tsjinstelling ynhâldt. Brûk net mear as 20 wurden.
21p
Hokker bedoeling hat de skriuwer mei it tekstpart fan alinea 1 o/m 3?
De belangstelling fan de lêzer te lûken mei in aardige anekdoate.
De lêzer út te lizzen wat him dwers sit.
De oanlieding te fertellen wêrom’t er dit stik skreaun hat.
Foarbylden te jaan fan it probleem dêr’t de tekst oer giet.
Yn alinea 2 en 3 wurde trije situaasjes neamd dêr’t Friezen yn oergean op it Hollânsk.
32p
Wat is de oerienkomst tusken dy situaasjes? Brûk net mear as 15 wurden.
Oan it begjin fan alinea 4 fertelt de skriuwer dat ‘it foarfaltsje’ him yn it sin kaam.
41p
Sitearje de sin of it sinpart dêr’t er fierderop yn dúdlik makket wêrom’t dat foarfaltsje him
yn it sin kaam.
52p
Wêrom kiest de skriuwer foar it wurd ‘bekearing’ yn de sin: ‘Bekearing’ bart net op grûn
fan nota’s (r. 34)? Brûk net mear as 20 wurden.
64p
Hokker twa soarten fan arguminten brûkt de skriuwer om de lêzer derfan te oertsjûgjen dat
adaptive taalbegelieding wol effekt hat? Nûmerje de twa soarten en jou de arguminten dy’t
dêrby hearre. Brûk net mear as 20 wurden.
Yn alinea 5 seit de skriuwer dat it belied sa as dat beskreaun is yn de nije Taalnota, in
dúdlik effekt hawwe sil.
71p
Wat wurdearret de skriuwer neffens alinea 5 yn de nije Taalnota? Brûk heechút 12 wurden.
81p
Wêrom is hy lykwols net tefreden oer de nije nota? Jou it antwurd yn eigen wurden.
91p
Wat is it ferbân tusken alinea 5 en alinea 6? Brûk net mear as ien wurd.
102p
Wêrom fynt de skriuwer it net foldwaande as de bern op skoalle knap Frysk leare? (al. 7)
Brûk net mear as 20 wurden.
Yn alinea 7 brûkt de skriuwer in drôchreden.
111p
Hoe kin dy riddenaasjeflater it bêste omskreaun wurde?
De skriuwer bestriidt in opfetting dy’t oaren miskien net iens hawwe.
De skriuwer brûkt mei de formulearring ‘it gewoane rûfeltsje dat wy al withoefaak heard
De skriuwer docht in ferkeard berop op de skiednis.
De skriuwer makket syn bewearing wier troch in berop te dwaan op de konsept-nota dêr’t
hawwe’ ten ûnrjochte kleure taal.
hy it sels net mei iens is.
Yn de tekst wurde twa foarmen fan taalbelied foar inoar oer steld.
122p
Hokker twa foarmen binne dat?
131p
Mei hokker sin kin dit artikel it bêst gearfette wurde?
De Konsept-Nota Taalbelied Provinsje Fryslân is foar it Frysk in ramp.
Der moat noadich in kultuerfilosofyske konferinsje op priemmen set wurde.
It Frysk moat net allinnich mei papieren plannen stipe wurde.
Taalûnderwiis kin net bûten in taalfilosofysk ramt.
De skriuwer is fan betinken dat der oan it ûnderwiis yn it Frysk nochal wat mankeart.
142p
Is syn argumintaasje foar dy miening op feiten basearre, of mear op mieningen?
Jou in koarte taljochting.
151p
Wat is de bedoeling fan dizze tekst?
ferdivedearje
ynformearje
oantrune
oertsjûgje























