opgave 1Tekst 1 Frysk boargerskip yn de 21ste ieu
11p
Hokker funksje hat alinea 1?
A anekdoate
B gearfetting
C konklúzje
D probleemstelling
Yn alinea 2 fertelt Looper oer syn eigen ûnderfining mei it plak fan de Slach by
Warns.
21p
Hokker funksje hat syn ferhaal?
A argumintaasje by de sin “Mei dat dilemma... skerp te setten.” (r. 14-17)
B argumintaasje by de sin “As der earne... op it Reaklif.” (r. 17-20)
C ferantwurding fan syn taspraak
D útlis fan syn refleksje
Looper fynt fan jongs ôf it Reaklif in ‘magysk plak’ (alinea 2).
31p
Wat is dêrom de kearnsin fan alinea 2 en 3?
41p
Mei hokker wurd jout Looper in negative gefoelswearde oan de betinking fan de
Slach by Warns?
Alinea 3 kin yn trije parten ferdield wurde.
53p
Jou oan wat dy trije parten binne en jou de funksje fan elk part oan. Kies dêrby
út de begripen: anekdoate, argumintaasje, gearfetting, konklúzje, ôfwaging en
stelling.
“De ‘delokalisearring’ is in ramp foar goed boargerskip” (r. 95-96).
63p
Yn hokker twa tinkstappen komt Looper ta dy konklúzje? (Brûk foar it antwurd
net mear as 30 wurden.)
“As de Waadferiening der yn de tolfde ieu al west hie, wat soe dy protestearre
ha tsjin de bedikings” (r. 104-106).
71p
Soe Looper it mei dat midsieuske protest iens west hawwe, of net?
A Ja, want wy moatte de feroaring fan it lânskip tsjinhâlde.
B Ja, want wy moatte it útwiskjen fan it ûntstean fan it lânskip tefoaren komme.
C Nee, want de feroaring is net slim.
D Nee, want wy steane der yn Fryslân noch ridlik goed foar.
De sprekker hat it oer ‘lânskipstradysje’ en ‘kollektyf ferline’ (r. 122-123) en hy
neamt fjouwer begripen yn alinea 7: ‘tiid’, ‘romte’, ‘kollektyf ferline’ en ‘lânskip’.
83p
Hoe past it begryp ‘lânskipstradysje’ by de oare fjouwer begripen?
(Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.)
Yn alinea 7 stelt Looper de fraach oft in nije boarger yn Fryslân de taal (it Frysk)
nedich hat.
91p
Sitearje de sin út dy alinea dy’t Looper syn antwurd jout op dy fraach.
Looper wol dat der dúdlik ûnderskied makke wurdt tusken profesjonele funksjes
yn Fryslân en Frysk boargerskip.
102p
Wêrom fynt Looper dat ûnderskied fan belang? (Brûk foar it antwurd net mear as
20 wurden.)
“Assimilaasje slagget net neigeraden dat men de taal fan it nije lân better
behearsket, mar neigeraden dat men ek it nije kollektive ferline as part fan it
eigen ik belibje kin.” (r. 179-183).
112p
Hokker paradoksale konsekwinsje hat sa’n eask foar de nijkommers?
(Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.)
Yn alinea 9 pleitet Looper foar in bredere betinking yn de takomst.
122p
Oan watfoar ynhâldlik betingst moat sa´n bredere betinking foldwaan?
133p
Hoe ûnderbout Looper yn syn taspraak de stelling “wy meitsje it ferline eksklusyf
en dêrmei jouwe wy oan dat wy de takomst ek eksklusyf meitsje wolle” (alinea
9)? (Brûk foar it antwurd net mear as 40 wurden.)
141p
Hokker kar makket Looper by eintsjebeslút as er kieze moat tusken lân en taal?
A Lân, want hy seit dat it kollektyf ferline bewarre bliuwe moat yn it lânskip.
B Lân, want hy seit dat Frysk foar goed boargerskip net needsaaklik is.
C Taal, want hy stelt dat taal de kaai is ta in goed begryp fan alles wat der om
jo hinne bart.
D Taal, want sûnder taal is der gjin kultuer.
De titel fan de tekst is ‘Frysk boargerskip yn de 21ste ieu’.
152p
Wat is it wichtichste ferskil tusken it Frysk boargerskip yn de 21ste ieu en it
Frysk boargerskip earder?
161p
Wat is it belangrykste skriuwdoel fan de tekst?
A ynformearje oer it belang fan de slach by Warns
B oertsjûgje fan it belang fan goed boargerskip
C oertsjûgje fan it belang fan in kollektyf ferline
D oantrune ta it opheffen fan it ferskil tusken Fryske kultuer en kultuer yn
Fryslân


























