opgave 1Tekst 1 In planolooch dy’t keunst as rêder sjocht
11pWat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?

De ynlieding formulearret in gearfetting.

De ynlieding formulearret in probleem.

De ynlieding yntrodusearret Zef Hemel.

De ynlieding jout in ûnderbouwing fan de titel.
Yn alinea 1 wurdt sein dat it plattelân no it atelier fan Zef Hemel is.
21pWêrom makket de skriuwer dêr gebrûk fan it wurd ‘atelier’?
“‘Keunstners dogge it. Sy binne de iennigen dy’t ús it paad wize kinne.’”
(r. 23)
31pHoe ferhâlde de boppesteande sinnen harren ta alinea 5?

Alinea 5 jout in ferklearring by wat yn alinea 4 sein is.

Alinea 5 jout in foarbyld by wat yn alinea 4 sein is.

Alinea 5 jout in konklúzje fan wat yn alinea 4 sein is.

Alinea 5 jout in útwurking fan wat yn alinea 4 sein is.
Yn alinea 6 giet it oer in “ûnortodokse ynklaaiïng”. (r. 38) Earder yn de
tekst waard itselde sein yn oare wurden.
41pSitearje dat sinpart.
Yn alinea 9 boartet de skriuwer mei de tematyk fan kuierjen.
51pSitearje it sinpart dêr’t dat út bliken docht.
“‘Bring wat yn beweging, set de bewenners yn harren krêft.’” (r. 70)
61pNei hokker projekt dat oanhelle wurdt yn de tekst ferwiist dat?
Lis dyn antwurd út.
71pHokker sin út alinea 11 jout it boadskip fan Zef Hemel it bêste wer?

“It is in yllúzje om te tinken dat der in duorsume takomst mooglik is
sûnder dat minsken kontakt mei it lânskip hawwe, warskôget er.”
(r. 71 en 72)

“Mei technologyske foarútgong en beloften fan de sirkulêre ekonomy
is men der net.” (r. 72-74)

“It Noarden is yn syn eagen net holpen mei mear sneldiken, yndustry
en huzen.” (r. 74 en 75)

“De romte dy’t der no noch is, beskôget er as hiel kostber: ‘It is gjin
romte om te foljen.’” (r. 77 en 78)
“‘As men de feroaringen yn it lânskip sjocht, dan benearet it jin.’”
(r. 6 en 7)
81pNei hokker feroaringen ferwiist Zef Hemel hjir?
92pNeam de ferskillen tusken it swalkjen fan Vincent van Gogh en it swalkjen
fan Zef Hemel.
102pHokker projekten hawwe ynspiraasjeboarnen west foar Zef Hemel neffens
de tekst?
111pSitearje de sinnen dêr’t út bliken docht dat Vincent van Gogh in foarbyld
west hat foar Zef Hemel.
121pYn hokker alinea wurdt de “ûnortodokse ynklaaiïng” (r. 38) fan Zef Hemel
fan it fak planolooch útlein?
131pHokker sin fettet de kearn fan it advys fan Zef Hemel it bêste gear?

“‘Dêrom sis ik: gean te rinnen!’” (r. 14)

“Keunst en kultuer helpe om feroaringen mooglik te meitsjen, stelt Zef
Hemel.” (r. 15 en 16)

“Troch it kontakt mei it lânskip werom te bringen is der in feroaring yn
gong te setten, tinkt er.” (r. 48-50)

“‘Bring wat yn beweging, set de bewenners yn harren krêft.’” (r. 70)
141pWat is it wichtichste doel fan Zef Hemel?

ferdivedearje en ynformearje

ynformearje en oantrune

oantrune en oertsjûgje

oertsjûgje en ferdivedearje
151pWat is it wichtichtste doel fan de skriuwer?

ferdivedearje

ynformearje

oantrune

oertsjûgje
opgave 2Tekst 2 Keunst mei keunstwurken
Ynliedende sinnen boppe in tekst kinne ûnder mear de folgjende funksjes
hawwe:
I de ferklearring fan de titel
II de formulearring fan de probleemstelling
III de formulearring fan in karakterisearring
IV de formulearring fan in oardiel
V in gearfetting fan de tekst foarôf
161pHokker funksjes passe by de ynliedende sinnen boppe de tekst?

I, II en III

I, II en V

I, III en IV

II, III en IV

II, IV en V

III, IV en V
De ynlieding boppe de tekst is op te dielen yn twa parten, nammentlik “In
giseljende … iepenbiere romte.” en “En dochs … en hichtepunten.”
171pWat is it ferbân tusken dy twa parten?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in redenjaand ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
“De Ofslútdyk is as in lange nâlestring tusken Fryslân en Hollân”. (r. 1)
181pHokker byldspraak wurdt dêr brûkt?

ferliking

metafoar

metonymia

personifikaasje
192pOm hokker redenen wurdt der yn de Ofslútdyk ynvestearre?
“‘Dat is echt hiel bysûnder, want it stiet heaksk op wat de minske eins
wol.’” (r. 22 en 23)
202pLis de tsjinstelling út dêr’t Bruno Doedens op doelt.
“Soks docht jin de skilen fan de eagen fallen.” (r. 42 en 43)
211pLis yn eigen wurden út wat de skriuwer mei dat stylfiguer sizze wol.
221pWêrom makket de fiskmigraasjerivier de “fisken bliid”? (r. 48)
“de omslach fan ‘antroposeen’ nei ‘symbioseen’.” (r. 53)
231pLis út hoe’t de omslach fan ‘antroposeen’ nei ‘symbioseen’ sichtber is by
De Nije Ofslútdyk.
241pHokker stylfiguer brûkt de skriuwer yn de sin “Safolle ljocht … te stean.”?
(r. 58 en 59)

eufemisme

hyperboal

sarkasme

wurdboarterij
251pHokker stylfiguer wurdt twa kear brûkt yn de sin “Dêrnei is de nacht wer
tsjuster mei inkeld strieljende stjerren, de moanne en fierderop de
toplampen fan wynmolen.”? (r. 63-65)
“Op de ikoanyske Ofslútdyk ûntstiet ynienen in futuristysk lânskip.”
(r. 78 en 79)
261pWêrom makket de skriuwer hjir gebrûk fan it wurd ‘futuristysk’?
271pHokker ferbân stiet yn de earste sin fan alinea 17?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in opsomjend ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
281pLis yn eigen wurden út wat de skriuwer bedoelt mei ‘ekologyske
wreedheden’. (r. 133)
292pBeskriuw de tsjinoerstelde fyzje by it meitsjen fan De Steenzetter en De
Blije Vis.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 30 en 31.
Oan de tekst kinst de folgjende tuskenkopkes tafoegje: ‘gat’, ‘wolkom’,
‘ljocht’, ‘earbetoan’, ‘symbioseen’.
301pBoppe hokker alinea’s kinst it tuskenkopke ‘ljocht’ pleatse?
311pBoppe hokker alinea‘s kinst it tuskenkopke ‘earbetoan’ pleatse?
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
321pJou de ferklearring fan de titel fan de tekst yn eigen wurden wer.
In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan:
1. feiten
2. syn eigen miening
3. mieningen fan oaren
331pWêr hat de skriuwer fan dizze tekst gebrûk fan makke?

fan 1 en 2

fan 1 en 3

fan 2 en 3

fan 1, 2 en 3
341pWat foar tekstsoarte is ‘Keunst mei keunstwurken’?

It is in redenearring.

It is in skôging.

It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.