opgave 1Tekst 1 Is WIllie Wortel foar it Frysk?
11p
Hoe fielde de skriuwer him as promotor fan in nije Fryske lesmetoade?
A Hy fielde him hiel noflik yn dy rol. Dat docht bliken út de kombinaasje fan de
earste en de twadde sin.
B Hy fielde him hiel noflik yn dy rol. Dat docht bliken út de twadde sin.
C Hy fielde him hielendal net noflik yn dy rol. Dat docht bliken út de earste sin.
D Hy fielde him net hielendal noflik yn dy rol. Dat docht bliken út de
kombinaasje fan de earste en de twadde sin.
21p
Hokker ‘kopke’ slút it bêste oan by de kearn fan alinea 2?
A Arumer skoalbern skoare it bêste resultaat
B It bêste Frysk yn de lytse bouhoeke
C Nije lesmetoade oeral goed ûntfongen
D Skoalbern optein oer nije lesmetoade
32p
Fetsje it tekstpart “Under de... serieus nommen.” (r. 27-49) gear yn maksimaal
30 wurden.
41p
Wat is it ferbân tusken “Under de... yn 1980” (r. 27-33) en “Dat soks... serieus
nommen.” (r. 34-49)?
A konkludearjend
B oarsaaklik
C opsomjend
D tsjinstellend
E útlizzend
51p
Wat is it ferbân tusken “Dat soks... serieus nommen.” (r. 34-49) en “En dat... yn
Fryslân.” (r. 49-51)?
A konkludearjend
B oarsaaklik
C opsomjend
D tsjinstellend
E útlizzend
61p
Wat is it ferbân tusken “En dat... yn Fryslân.” (r. 49-51) en “Okkerdeis kaam...
minder Frysk.” (r. 53-68)?
A konkludearjend
B oarsaaklik
C opsomjend
D tsjinstellend
E útlizzend
71p
Wat is it ferbân tusken “Okkerdeis kaam... minder Frysk.” (r. 53-68) en “It mei...
achterút kachelt.” (r. 68-74)?
A konkludearjend
B oarsaaklik
C opsomjend
D tsjinstellend
E útlizzend
82p
Yn hokker trije situaasjes wurdt ûnderling hyltyd minder Frysk brûkt?
92p
Mei wat foar doel hellet de skriuwer ‘Koarnjum’ en ‘Gau’ (r. 79) oan?
Brûk net mear as 20 wurden.
102p
Sitearje de kearnsin út alinea 4.
Neffens de skriuwer is Studio F gjin “ôfdwaande remeedzje om it Frysk in grutter
plak te jaan yn it ûnderwiis” (r. 85-87).
112p
Wêrom hat it promoaten fan dy lesmetoade neffens him dochs wol sin?
Brûk net mear as 30 wurden.
122p
Sitearje de kearnsin út alinea 5.
132p
Fan watfoar stylfiguer is ‘fruchtbere jûn’ (r. 133) in foarbyld? Motivearje dyn
antwurd.
Yn r. 125-126 neamt de skriuwer in tal saakkundigen.
141p
Wêrom fynt de skriuwer dy saakkundigen ‘Willie Wortels’ (r. 140)?
Brûk net mear as 10 wurden.
De skriuwer wol net oansjoen wurde foar in ‘swiersettige ûndergongsfilosoof’
(r. 81-82).
152p
Op grûn fan hokker alinea’s soe men oars dy yndruk wol krije kinne?
Neam trije alinea’s.
161p
Wat is neffens de skriuwer it wichtichst foar it Frysk?
A In sterkere wetlike basis foar it Frysk.
B It brûken fan de metoade Studio F yn it ûnderwiis.
C It ynsjoch dat meartaligens in ferriking is.
D Kreative ideeën foar de takomst fan it Frysk.
171p
Wat is it wichtichste skriuwdoel fan de tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje




























