opgave 1Tekst 1 Geveltsjefrysk
11pWat is de funksje fan alinea 1?
A Alinea 1 jout de haadgedachte fan de tekst.
B Alinea 1 jout de konklúzje fan de tekst.
C Alinea 1 jout de oanlieding foar it skriuwen fan de tekst.
D Alinea 1 jout de probleemstelling fan de tekst.
21pWat is it ferbân tusken “In Fryske... wearde wêze.” (r. 35-36) en “Dit wie... foar
Europa.” (r. 36-38)?
A ferlykjend
B konkludearjend
C opsomjend
D redenjouwend
31pJou yn eigen wurden oan wat it ferbân is tusken alinea 7 en alinea 8.
Brûk net mear as 10 wurden.
42pHokker arguminten fan minister Bot yn alinea 2 wurde yn alinea 7 werhelle?
51pHokker argumint fan minister Bot yn alinea 2 wurdt yn alinea 8 werhelle?
61pHokker argumint fan minister Bot brûkt de skriuwer sels yn alinea 10?
71pHokker oar argumint brûkt de skriuwer noch?
Neffens de skriuwer fan de tekst binne de arguminten fan de foarstanners fan in
Fryske oersetting gefoelsarguminten.
81pSitearje de sin dêr’t dat út bliken docht.
92pWêrom kiest de skriuwer ‘Geveltsjefrysk’ as titel?
Brûk foar dyn antwurd net mear as 15 wurden.
101pMei hokker wurden kwalifisearje de foarstanners in Fryske oersetting fan teksten
lykas it Europeesk ferdrach?
Brûk net mear as 5 wurden.
opgave 2Tekst 2 Jong ûndernimme is gjin spultsje
111pWat is it ferbân tusken “Dit is … leuk mear.” (r. 14) en “Wy binne … net út.”
(r. 14-17)?
A opsomjend
B redenjouwend
C tsjinstellend
D útlizzend
121pWêrnei ferwiist ‘dêr’ yn ‘dêromhinne’ (r. 30-31)?
A gaming
B in tv-programma
C in tv-programma oer gaming
132pWatfoar oerienkomsten binne der tusken de dielnimmers oan
gamingprogramma’s op ’e televyzje en sporters?
142pHokker mooglikheden hawwe de jonge ûndernimmers om oan jild te kommen?
Helje it antwurd út alinea 4.
152pHokker fan ûndersteande sinnen kin it bêste tsjinje as gearfetting fan alinea 3?
A Alex Strooisma en Chamin Hardeman binne dwaande mei
kompjûterspultsjes dy’t mei in sport te krijen hawwe en dêr’t in serieuze
kultuer omhinne bestiet.
B Alex Strooisma en Chamin Hardeman wolle dat harren programma de Studio
Sport fan de gamingwrâld wurdt, mar dan oanbean op in digitale stjoerder.
C Alex Strooisma en Chamin Hardeman wolle gaming en digitale televyzje
graach kombinearje.
D Alex Strooisma en Chamin Hardeman wolle in tv-programma meitsje oer
gaming en dan foaral de wrâld dêromhinne, oanbean op in digitale stjoerder.
E Alex Strooisma en Chamin Hardeman wurkje selsstannich oan media-
opdrachten.
161pWêrnei ferwiist ‘it’ yn r. 57?
A digitale televyzje
B in programma oer gaming
C it lêste trajekt
D it pilotprogramma
“Wy hienen … stjoering hân,” (r. 75-76)
171pBy hokker eardere alinea slút dat sitaat oan?
182pMei hokker problemen wrakselje Alex Strooisma en Chamin Hardeman neffens
alinea 4?
Brûk yn totaal net mear as 20 wurden.
191pHokker kopke past it bêst by alinea 6?
A Bentley
B Kick
C Killing
D Skills
202pLis oan de hân fan alinea 7 út dat in neidiel ek in foardiel wêze kin.
Brûk net mear as 20 wurden.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De titel fan de tekst is in foarbyld fan wurdboarterij.
212pMeitsje dat dúdlik.
Brûk net mear as 15 wurden.
221pTa watfoar tekstsoarte heart dizze tekst?
A riddenearring
B skôging
C útiensetting
opgave 3Tekst 3 Tink yn kânsen, net yn bedrigings
231pHokker wurd yn alinea 1 soe as in tsjinstelling by de twa earste sinnen opfette
wurde kinne?
241pFriezen binne beskieden.
A Dat wurdt sjoen as in negative eigenskip.
B Dat wurdt sjoen as in negative eigenskip mei positive kanten.
C Dat wurdt sjoen as in positive eigenskip.
D Dat wurdt sjoen as in positive eigenskip mei negative kanten.
252pSitearje de kearnsin fan alinea 3.
262pWat binne de oarsaken fan de kwetsberens fan de Fryske ekonomy?
Brûk net mear as 15 wurden.
Alinea 4 bestiet út twa parten.
272pMei hokker sin begjint it twadde part?
Motivearje dyn antwurd en brûk dêrby net mear as 10 wurden.
282pHokker krityk hat Boelsma op it ûnderwiis?
Brûk net mear as 10 wurden.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.