opgave 1TEKST 1 FOPPE DE HAAN, IN BYSÛNDER GEWOAN FRYSK MINSKE
11p
Wat is it ûnderwerp fan tekst 1?
A De prestaasjes fan SC Heerenveen
B Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde
C It boek fan Eppie Dam
D It libben fan Foppe de Haan
21p
Yn alinea 1 krijt Foppe de Haan gjin bynamme.

Wat wol de skriuwer dêrmei sizze?
31p
Wa wie, as it om de leafde foar it fuotbal giet, it grutte foarbyld foar Foppe de Haan?
A Gerrit van Stralen.
B Leo Beenhakker.
C Riemer van der Velde.
D Rinus Michels.
41p
Yn hokker alinea wurdt de titel fan tekst 1 it bêste útwurke?
A alinea 2
B alinea 3
C alinea 4
D alinea 5
51p
“Eppie Dam giet ek yn op de skramkes, de kerfkes yn Foppe syn siel.” (r.23)

Neam in omstannichheid út de jeugd fan Foppe de Haan dy’t ynfloed hân hat op syn
funksjonearjen fan no.
61p
Wat wurdt yn rigel 32 bedoeld mei in ‘kultueromslach’?
A SC Heerenveen krige Foppe de Haan as trainer.
B SC Heerenveen krige Fritz Korbach as trainer.
C SC Heerenveen wie in profklub wurden.
D SC Heerenveen wie in semi-profklub wurden.
71p
Hoe ferrint, neffens de tekst, de karriêre fan Foppe de Haan?
A Gimmestyklearaar, haadtrainer, jeugdtrainer, haadtrainer.
B Gimmestyklearaar, jeugdtrainer, haadtrainer, foarsitter.
C Haadtrainer, gimmestyklearaar, jeugdtrainer, foarsitter.
D Jeugdtrainer, gimmestyklearaar, jeugdtrainer, haadtrainer.
81p
By hokker alinea begjint it ferhaal oer Foppe de Haan by de SC Heerenveen?
A alinea 4
B alinea 5
C alinea 6
D alinea 7
91p
“Ja, soks bestiet fansels nergens en it is ek hast ûnwerklik.” (r.38-39)

Op hokker sitewaasje slacht dy útspraak?
101p
Lês de folgjende twa bewearingen.
I De A-junioren fan de SC Heerenveen wurde alle kearen mei de auto nei de training
brocht.
II SC Heerenveen hat in eigen fuotbalskoalle.
Binne dy bewearingen neffens de tekst wier?
A Ja, de bewearingen binne beide wier.
B Nee, de bewearingen binne beide net wier.
C Bewearing I is wol wier, mar bewearing II is net wier.
D Bewearing I is net wier, mar bewearing II is wol wier.
111p
Mei hokker alinea einiget it ferhaal oer Foppe de Haan by de SC Heerenveen?
A Alinea 10
B Alinea 11
C Alinea 12
D Alinea 13
121p
Hoe skriuwt Eppie Dam yn syn boek oer Foppe de Haan?
A Kritysk.
B Negatyf.
C Neutraal.
D Wurdearjend.
131p
Hoe skriuwt Sybe Joostema (de skriuwer fan tekst 1) oer it boek fan Eppie Dam?
A Kritysk mar ek mei in bytsje wurdearring.
B Neutraal en ôfhâldend.
C Wurdearjend mar ek mei in bytsje krityk.
141pIn skriuwer kin yn syn tekst gebrûk meitsje fan:
I Feiten.
II Syn eigen miening.
III In oar syn miening.
Hokker fan dy eleminten binne yn tekst 1 brûkt?
A I en II
B I en III
C II en III
D I, II en III
opgave 2TEKST 2 WIJSMULLER WURKET ÛNDER DEENSKE FLAGGE FIERDER OAN
‘HOLLANDS GLORIE’
151p
Yn r. 1 stiet: “In protte minsken hiene it der eefkes dreech mei.”
Wêrom soe dat sa wêze?
A Omdat de âlde namme Wijsmuller út de direksje ferdwine sil.
B Omdat de famylje Wijsmuller allang net mear baas fan it bedriuw is.
C Omdat de priis foar it sleepfeartbedriuw Wijsmuller sa heech liket te wêzen.
D Omdat in bûtenlânsk bedriuw it ferneamde Nederlânske Wijsmuller oernaam hat.
161p

Lis út hoe’t alinea 2 oanslút op alinea 1.
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
171p
Yn alinea 2 jout algemien direkteur Michiel Wijsmuller in opsomming.

Wat is it doel fan dy opsomming?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
181p
Yn alinea 1 stiet dat de oername fan Wijsmuller wolris in negatyf effekt ha kin op de
Nederlânske seefeartskiednis.

Sitearje in sin út alinea 2 dy’t in mooglik posityf effekt fan dy oername werjout.
191p
Lês de folgjende bewearingen oer skipfeartbedriuwen, dy’t foarkomme yn de alinea’s1 o/m 4.
I Maersk is in Deenske rederij, ynternasjonaal besjoen it sterkste bedriuw yn it
kontainerferfier.
II Svitzer is it sleepfeartbedriuw fan Maersk.
III Wijsmuller, it ferneamde Nederlânske sleepfeartbedriuw, is oernaam troch Svitzer.
Wat kin sein wurde oer dizze trije bewearingen?
A Bewearing I is wier, de bewearingen II en III binne net wier.
B Bewearing II is wier, de bewearingen I en III binne net wier.
C Bewearing III is wier, de bewearingen I en II binne net wier.
D De bewearingen I en II binne wier, bewearing III is net wier.
E De bewearingen II en III binne wier, bewearing I is net wier.
F De bewearingen I en III binne wier, bewearing II is net wier.
202p

Lis út wat der yn alinea 3 bedoeld wurdt mei “Letter … kontainerfeart” (r.10-12).
Brûk yn de útlis it wurd ‘dochs’.
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
De folgjende ynlieding heart by de fragen 21 en 22.
De tekst is te ferdielen yn trije haadparten:
Part 1 giet oer de emosjonele kant fan de oername fan Wijsmuller.
Part 2 giet oer de finânsjele kant fan de oername fan Wijsmuller.
Part 3 giet oer de bedriuwsrisseltaten fan Wijsmuller yn de lêste jierren.
211p
Mei hokker alinea begjint part 2?
A mei alinea 3
B mei alinea 4
C mei alinea 5
221p
Mei hokker alinea begjint part 3?
A mei alinea 6
B mei alinea 7
C mei alinea 8
231p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 6 en 7?
A Yn alinea 6 giet it oer de groei fan Wijsmuller, yn alinea 7 stiet in foarbyld by dy groei.
B Yn alinea 6 giet it oer de groei fan Wijsmuller, yn alinea 7 stiet in gefolch fan dy groei.
C Yn alinea 6 giet it oer de groei fan Wijsmuller, yn alinea 7 stiet in oarsaak fan dy groei.
241p
Yn alinea 7 stiet dat Wijsmuller yn de jierren ‘90 fan de foarige ieu minder oan
bergingsaktiviteiten die as dêrfoar.

Lis út wêrtroch as dat kaam.
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
251p
Wat is it ferbân tusken alinea 7 en alinea 8?
A Yn alinea 7 stiet dat Wijsmuller de maritime tsjinstferliening fersterke, yn alinea 8 stiet
in foarbyld dêrfan.
B Yn alinea 7 stiet dat Wijsmuller de maritime tsjinstferliening fersterke, yn alinea 8 stiet
in gefolch dêrfan.
C Yn alinea 7 stiet dat Wijsmuller de maritime tsjinstferliening fersterke, yn alinea 8 stiet
in oarsaak dêrfan.
261p

Op hokker wize slút de ynhâld fan alinea 11 oan op dy fan alinea 2?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
271p
Hokker doel hat Michiel Wijsmuller foaral by it beantwurdzjen fan fragen fan de
sjoernalist, dy’t tekst 1 skreaun hat?
A Hy wol de lêzers ynformaasje jaan oer de oername fan Wijsmuller.
B Hy wol de lêzers oantrune om nei de oername oandielen fan it bedriuw te keapjen.
C Hy wol de lêzers oertsjûgje fan in stânpunt omtrint de oername fan Wijsmuller.
281p
Wat is de haadgedachte fan dizze tekst?
A Wijsmuller is te djoer oernaam troch in te lyts sleepbedriuw út Denemarken.
B Wijsmuller krijt in Deenske eigner, mar bliuwt op fertroude wize trochwurkjen.
C Wijsmuller sil ûnder Deensk behear noch bettere risseltaten helje as eartiids.
D Wijsmuller sil yn de takomst noch mear de klam lizze op maritime tsjinsten.
TEKST 3 SLACHTOFFERHULP FRIESLAND HELPT MINSKEN YN NEED.
291p
Hokker groepen minsken hâldt Slachtofferhulp Friesland him, neffens alinea 1 en 2, mei
dwaande?
A Slachtoffers en neibesteanden.
B Slachtoffers, neibesteanden en tsjûgen.
C Slachtoffers, neibesteanden, tsjûgen en feroarsakers.
D Slachtoffers, tsjûgen en feroarsakers.
301p
I Alinea 2 giet oer de doelstelling fan Slachtofferhulp Friesland.
II Alinea 2 giet oer de organisaasje fan Slachtofferhulp Friesland.
Hokker fan boppesteande bewearings is/binne wier?
A I is net wier en II is net wier.
B I is net wier en II is wier.
C I is wier en II is net wier.
D I is wier en II is wier.
312p
Yn alinea 2 wurdt sprutsen fan geastlike en materiële skea.

Sitearje 2 sinparten út it tekstpart alinea 3 en 4, dêr’t gefolgen fan geastlike skea yn
neamd wurde.
321p
Nei alinea 2 giet it yn tekst 3 noch mar om ien groep minsken, dêr’t Slachtofferhulp
Friesland him mei dwaande hâldt.

Hokker groep is dat?
331p
I 80% fan de slachtoffers fan misdriuwen en ferkearsûngemakken dêr’t de plysje mei te
krijen hat, wurdt troch de plysje trochstjoerd nei Slachtofferhulp Friesland.
II 80% fan de minsken dy’t om slachtofferhelp freegje, is troch de plysje trochferwiisd nei
Slachtofferhulp Friesland.
A I is net wier en II is net wier
B I is net wier en II is wier
C I is wier en II is net wier
D I is wier en II is wier
341p
Hokker kopke past it bêste boppe de alinea’s 3 en 4?
A Eigen reaksjes.
B Harkje en helpe.
C In harkjend ear.
D Oangripende ferhalen.
351p
“It oanhearren fan it ferhaal fan minsken dy’t wat slims meimakke hawwe, is in hiel
belangryk ûnderdiel fan it wurk…”(r. 21/22).

Hokker foarbyld wurdt der yn it tekstpart alinea 5 en 6 jûn fan wat Slachtofferhulp
Friesland sels docht foar de slachtoffers?
Brûk foar it antwurd net mear as 10 wurden.
361p
Hokker kopke past it bêste boppe de alinea’s 5 o/m 7?
A Begelieding en training.
B Beropskrêften en frijwilligers.
C Rjochtsaken en ynstânsjes.
371p
I Alle meiwurkers binne oeral ynsetber.
II Meiwurkers hawwe somtiden sels ek immen nedich.
A I is net wier en II is net wier.
B I is net wier en II is wier.
C I is wier en II is net wier.
D I is wier en II is wier.
381p

Sis mei eigen wurden wat Ineke Verveld bedoelt mei “It emosjonele ferhaal is hjir faak
in ‘binnenkomer’”. (r.51).
Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.
391p

Sitearje in sin út it tekstpart alinea 1 en 2, dy’t de haadgedachte fan tekst 3 goed
werjout.
401p
Wat is it wichtichste doel fan de skriuwer fan tekst 3?
A De lêzer aktivearje om frijwilliger te wurden by Slachtofferhulp Friesland.
B De lêzer ynformearje oer Slachtofferhulp Friesland.
C De lêzer oertsjûgje fan it nut fan Slachtofferhulp Friesland.