opgave 1TEKST 1 REBOELJE BESJONGT DE WRÂLD FAN BOELE BREGMAN
11p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A de yntroduksje fan de bandleden fan Reboelje
B de yntroduksje fan de nije CD fan Reboelje
C de yntroduksje fan de nije teaterproduksje fan Reboelje
D de yntroduksje fan it wurk fan de keunstskilder Boele Bregman
Lês de folgjende bewearingen.
1 Blau Paradys is de earste muzikale teaterproduksje fan Reboelje.
2 Blau Paradys is ien fan de skilderijen fan Boele Bregman.
3 Blau Paradys is ien fan de muzykstikken fan Durk Hogendorp.
4 Blau Paradys is foar it grutste part skreaun troch Baukje Wytsma.
21p
Hokker fan dizze útspraken binne wier?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 1 en 4
D 2 en 3
E 2 en 4
F 3 en 4
De folgjende ynlieding heart by de fragen 3 en 4.
‘Blau Paradys’ is in teaterproduksje fan Reboelje. Neist Reboelje hawwe ek
oare minsken in belangrike bydrage levere.
32p

Hokker minsken binne dat?
42p

Wat wie de bydrage fan dy minsken?
52p

Neam fiif keunstfoarmen dy’t yn Blau Paradys ferwurke binne.
“It gefoel … te ferklankjen” (alinea 5, rigels 34-35).
61p

Sitearje in sin út alinea 4 dêr’t út bliken docht dat Reboelje tige geskikt is foar dit
projekt oer Boele Bregman.
“Reboelje is in bedriuw wurden.” (alinea 6, rigel 44)
71p

Op hokker wize hat dat syn útwurking krigen yn it deistich bestean fan de bandleden?
81p
Hoefolle muzikale produksjes fan Reboelje wurde yn de tekst by namme neamd?
A 2
B 3
C 4
D 5
Lês de folgjende útspraken.
1 Reboelje is fan plan om ‘Blau Paradys’ teminsten ien jier lang op te fieren.
2 Reboelje is fan plan om de CD fan de teaterproduksje ‘Blau Paradys’ te
ferkeapjen.
91p
Hokker fan dy útspraken is of binne wier?
A 1 en 2 binne beide wier.
B Allinne 1 is wier.
C Allinne 2 is wier.
D 1 en 2 binne beide net wier.
101p
Hoe komt Jelle Bangma oan ynformaasje foar dit artikel?
A Hy hat praat mei alle leden fan de band Reboelje.
B Hy hat praat mei de bandleden en mei Boele Bregman.
C Hy hat praat mei Marius de Boer en Baukje Wytsma.
D Hy hat praat mei Tsjerk Bootsma.
De folgjende ynlieding heart by de fragen 11, 12 en 13.
Nei de ynlieding, alinea 1, kin de tekst ferdield wurde yn fjouwer parten.
1 Reboelje
2 Blau Paradys
3 Reboelje
4 Blau Paradys
111p

Mei hokker alinea begjint part 2?
121p

Mei hokker alinea begjint part 3?
131p

Mei hokker alinea begjint part 4?
opgave 2TEKST 2 DE AMBYSJE FAN THREE-ALITY
141p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A It is in algemien ferhaal oer fammegroepen.
B It is in anekdoate oer de karriêre fan Three-ality.
C It is in gearfetting fan de tekst dy’t folget.
D It is in presintaasje far de haadpersoanen út de tekst.
151p
Wat is it karakter fan alinea 2?
A Alinea 2 beskriuwt hoe’t de muzyk fan Three-ality it docht yn de winkels.
B Alinea 2 beskriuwt hoe’t de trije bandleden fan feest nei feest libje.
C Alinea 2 beskriuwt hoe’t de trije bandleden it súkses ûndergeane.
D Alinea 2 beskriuwt hoe’t de trije froulju fan de band der útsjogge.
162p

Omskriuw it ferbân tusken alinea 2 en alinea 3.
Brûk foar it antwurd net mear as 20 wurden.
Dizze ynlieding heart by de fragen 17 en 18.
Yn alinea 3 wurde ferklearringen jûn foar de goede gearwurking tusken de
Three-alityfroulju.
172p

Neam de twa ferklearringen dy’t Marieke dêrfoar jout.
181p

Neam de ferklearring dy’t Femke dêrfoar jout.
Lês de beide folgjende bewearingen.
1 Mei de fraach “Is trije net in lestich getal?” (alinea 3, rigel 27) bedoelt de
skriuwster fan dizze tekst, dat yn groepkes fan trije ien persoan der gauris
byhinget.
2 Omdat Femke en Sanne suskes binne, hinget Marieke der mar wat by.
191p
Hokker fan dizze bewearingen is of binne wier?
A Bewearing 1 en bewearing 2 binne beide wier.
B Bewearing 1 is wier, bewearing 2 is net wier.
C Bewearing 2 is wier, bewearing 1 is net wier.
D Bewearing 1 en bewearing 2 binne beide net wier.
201p
Fine de trije bandleden in folsleine muzykoplieding ûnmisber?
A Ja, want se ha in soad ambysje.
B Ja, want se wolle harren karriêre útbouwe.
C Ja, want se wolle nei de Popakademy.
D Nee, want se fine in protte optrede belangriker.
Lês de beide folgjende bewearingen.
1 Op de earste single fan Three-ality stiet in liet dat makke is troch de trije
bandleden.
2 Three-ality is dwaande mei in cd mei selsmakke nûmers.
211p
Hokker fan dizze bewearingen is of binne wier?
A Bewearing 1 en bewearing 2 binne beide wier.
B Bewearing 1 is wier, bewearing 2 is net wier.
C Bewearing 2 is wier, bewearing 1 is net wier.
D Bewearing 1 en bewearing 2 binne beide net wier.
221p
Wat is it ferbân fan de lêste sin fan alinea 5 mei alinea 6?
A Yn alinea 6 stiet in foarbyld by de ynhâld fan dy sin.
B Yn alinea 6 stiet in gefolch fan de ynhâld fan dy sin.
C Yn alinea 6 stiet in útlis by de ynhâld fan dy sin.
231p
Wêrtroch rekke Marieke har ferkearing út? (alinea 7)
A De mem fan har freon wie op de relaasje tsjin.
B Marieke wegere om te kiezen tusken de band en har freon.
C Marieke woe mear tiid frij meitsje foar de band.
“Oant no ta fine de froulju harren libben as muzikant ien grut feest.” (alinea 8, rigel 54)
242p

Sitearje trije útspraken út alinea 8, dy’t dat dúdlik meitsje.
251p
Wat sjogge de bandleden as it heechste doel yn harren karriêres?
A Fan de muzyk har berop meitsje.
B In cd mei eigenmakke nûmers útbringe.
C In eigen manager oanstelle.
D Meidwaan oan it Nationaal Songfestival.
Ien dy’t in tekst skriuwt, kin dêrby gebrûk meitsje fan:
1 feiten
2 eigen miening
3 mieningen fan oare minsken
261p
Wêrfan hat Margreet Hogeterp yn de tekst oer Three-ality gebrûk makke?
A Fan 1 en 2
B Fan 1 en 3
C Fan 2 en 3
D Fan 1, 2 en 3
opgave 3TEKST 3 FRYSKTALIGE DISSERTAASJE WICHTICH FOAR IT FRYSK
271p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A Alinea 1 ferwurdet de haadgedachte fan de tekst.
B Alinea 1 is in gearfetting foarôf.
C Alinea 1 jout in konklúzje foarôf.
D Alinea 1 presintearret it ûnderwerp.
281p
Wat is de relaasje tusken alinea 2 en alinea 3?
A Alinea 3 neamt it gefolch fan alinea 2.
B Alinea 3 neamt de oarsaak fan alinea 2.
C Alinea 3 neamt de reden fan alinea 2.
D Alinea 2 en alinea 3 foarmje in opsomming.
Lês de beide folgjende bewearingen.
1 Foar har ûndersyk oer bernepoëzij hat Jant van der Weg ek oare Fryske
berneliteratuer besjoen.
2 “Gelukkig Hansje” fan Harmen Sytstra is in Frysktalich mearke.
291p
Hokker fan dizze bewearingen is of binne wier?
A Bewearingen 1 en 2 binne beide wier.
B Bewearing 1 is wier en bewearing 2 is net wier.
C Bewearing 2 is wier en bewearing 1 is net wier.
D Bewearingen 1 en 2 binne beide net wier.
301p
De Fryske berneliteratuer begjint yn it jier
A 1846
B 1900
C 1907
D 1937
311p

Sitearje in sin út alinea 5-6, dêr’t yn útlein wurdt, dat de bân tusken de Fryske
berneliteratuer en it ûnderwiis yn it earstoan hiel sterk wie.
Lês de beide folgjende bewearingen.
1 Foar 1955 is der yn it ûnderwiis folle minder romte foar it Frysk as nei 1955.
2 Foar 1950 is de bân tusken de Fryske berneliteratuer en it ûnderwiis folle
sterker as nei 1950.
321p
Hokker fan dizze bewearingen is of binne wier?
A Bewearingen 1 en 2 binne beide wier.
B Bewearing 1 is wier en bewearing 2 is net wier.
C Bewearing 2 is wier en bewearing 1 is net wier.
D Bewearingen 1 en 2 binne beide net wier.
332p
De Fryske Beweging is in streaming dy’t him tige ynset hat foar in folweardich plak foar it
Frysk yn Fryslân.

Wêrom is de rol fan de Fryske Beweging yn it ûnderwiis nei 1950 útspile? Helje dyn
antwurd út alinea 5-7.
Brûk net mear as 20 wurden.
341p
Diet Huber “hat niget oan it Frysk as literêre taal” (alinea 8, rigel 45-46).

Sitearje in sin út alinea 8-9, dy’t dat dúdlik ûnderstreket.
351p
“Berneboeken waarden blykber dochs net echt as literatuer besjoen” (alinea 9,
rigel 53-54).

Wêr konkludearret Jant van der Weg dat út?
362p
“it is, ek foar bern, tsjintwurdich al folle gewoaner om Frysk te lêzen as fyftich jier ferlyn
(alinea 10, rigel 54-55).

Wêrom leit dat, neffens alinea 4-7, wol foar de hân? Neam twa oarsaken.
371p

Ut hokker feit falt ôf te lieden dat it skriuwen fan in Frysktalige dissertaasje wat
bysûnders is?
381p
“Beheinst dyn lêzerspublyk der fansels wol mei.” (alinea 11, rigel 58-59)

Op hokker wize besiket Jant van der Weg dy beheining wei te nimmen?
391p
Wat is it ferbân tusken alinea 11 en alinea 12?
A oarsaaklik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útwurkjend
402p
It skriuwen fan myn dissertaasje hat “op twa punten in striid west” (alinea 13, rigel 70),
seit Jant van der Weg.

Hokker twa punten bedoelt Jant van der Weg?
Dizze ynlieding heart by fraach 41 en 42.
Nei de ynliedende alinea is dit artikel opboud út trije parten:
Part 1: oer de kar fan it ûnderwerp fan de dissertaasje.
Part 2: oer de ynhâld fan de dissertaasje.
Part 3: oer hokker belang dizze dissertaasje hat foar it Frysk.
411p

Mei hokker alinea begjint part 2?
421p

Mei hokker alinea begjint part 3?
431p
Wat hat foar Berber Bijma, de skriuwster fan dit artikel, it wichtichste doel west foar it
skriuwen fan dit artikel?
A Ynformearje oer de dissertaasje fan Jant van der Weg.
B Oertsjûgje fan de folweardigens fan Fryske berneliteratuer.
C Oertsjûgje fan it belang fan Frysktalige dissertaasjes.
D Oantrune om mear Fryske berneliteratuer te lêzen.