bronnen

Eindexamen fries vwo 2023, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Eksoaten

In ynlieding boppe in tekst kin ûnder mear de folgjende funksjes hawwe:
I de formulearring fan in probleem
II de formulearring fan in stânpunt
III in yndruk fan de tekst foarôf
IV in ûnderbouwing fan de titel
11p
Hokker twa funksjes hearre by de ynlieding boppe de tekst?
A I en II
B I en III
C I en IV
D II en III
E III en IV
Alinea 1 begjint mei in konstatearring fan Arjen Gittenberger (r. 1-6).
21p
Hoe ferhâldt de rest fan de alinea him ta dat sitaat?
A De rest fan de alinea foarmet in bewiis.
B De rest fan de alinea foarmet in tsjinstelling.
C De rest fan de alinea jout in eftergrûnskets.
D De rest fan de alinea jout in ferklearring.
Yn ûndersteand skema steane trije eleminten dy’t elk in part binne fan in
tsjinstelling dy’t yn alinea 2 oan ’e oarder is.
31p
Folje de trije eleminten oan mei ien of inkelde wurden út alinea 2, sadat
de trije tsjinstellingen kompleet binne.
lânseigene soarten (r. 31-32)   see (r. 33)   oanfolje (r. 39)  
Yn de alinea’s 3 en 4 jout Gittenberger foarbylden fan eksoaten dy’t net
skealik of min wiene foar it seelibben yn de Waadsee.
42p
Jou foar de situaasje fan de Japanske oester (alinea 3) en de situaasje
fan de Amerikaanske ribbekwal (alinea 4) in ferklearring foar it útbliuwen
fan (grutte) skea.
“de Japanske oester, de eksoat dy’t no sels bedrige wurdt troch in eksoat”
(r. 109-111)
51p
Hokker bedriigjende eksoat bedoelt de skriuwer?
Helje dyn antwurd út alinea 5.
“‘Oft in eksoat soarchlik is of skea opsmyt, hinget bot ôf fan út hokker
perspektyf oft men it besjocht’, makket David Thieltges dúdlik.” (r. 85-88)
62p
Hokker fjouwer perspektiven neamt er yn it tekstpart dat bestiet út
alinea’s 5 en 6, as it giet om groepen persoanen en ynstânsjes?
“‘Mar wrâlderfgoedorganisaasje UNESCO is der net bliid mei dat it
ekosysteem net mear oarspronklik is.’” (r. 118-120)
71p
Watfoar stylfiguer kenst yn it sitaat werom?
A eufemisme
B paradoks
C tautology
D understatement
De volgende inleiding hoort bij de vragen 8 en 9.
Yn alinea 7 jout Thieltges syn eigen fyzje op de fraach oft eksoaten yn de
Waadsee soarchlik binne of skea opsmite.
81p
Mei hokker argumint besiket er de stelling te wjerlizzen dat it ekosysteem
fan de Waadsee net mear oarspronklik wêze soe?
91p
Wêrom moatte wittenskippers harren neffens Thieltges benammen
rjochtsje op fierdere stúdzje fan it natuerlik ekologyske eksperimint?
(r.138-140)
Thieltges fynt dat wittenskippers trochgean moatte mei de stúdzje nei it yn
gong sette natuerlike ekologyske eksperimint. (alinea 7)
101p
Wêr soe neffens Gittenberger sa’n fierder ûndersyk oer gean moatte?
111p
Hokker bewearing jout it ferbân tusken alinea 8 en alinea 9 it bêste wer?
A Yn alinea 9 steane betingsten by de ynhâld fan alinea 8.
B Yn alinea 9 steane konklúzjes by de ynhâld fan alinea 8.
C Yn alinea 9 stiet in nij part by in opsomming yn alinea 8.
D Yn alinea 9 stiet in oanfolling op útspraken in alinea 8.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 12 en 13.
Yn alinea 9 wurdt útlein hoe’t eksoaten yn de Waadsee bedarje.
121p
Op hokker twa manieren bedarje dy yn de Waadsee?
131p
Hokker twa ûntwikkelingen hawwe it foar eksoaten makliker makke om yn
de Waadsee telâne te kommen?
Alinea 9 giet oer wizen fan oanfier fan eksoaten.
141p
Watfoar spesifyk aspekt oangeande dy oanfier komt yn alinea 10 oan de
oarder?
De tekst giet oer de komst fan eksoatyske diersoarten. Oan de ein fan de
ynlieding boppe de tekst stiet de fraach: Hoe soarchlik is soks?
151p
Sitearje de sin út it tekstpart besteande út de alinea’s 2 en 3 dy’t in dúdlik
antwurd op dy fraach jout.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 16 en 17.
Yn it earste part fan de tekst jout de skriuwer útlis oer it fenomeen
eksoaten. Dêrnei komme de folgjende ûnderwerpen oan ’e oarder:
I Fyzjes op eksoaten
II Lift mei de boat
161p
By hokker alinea begjint de skriuwer oer ûnderwerp I?
A alinea 2
B alinea 3
C alinea 4
D alinea 5
171p
By hokker alinea begjint de skriuwer oer ûnderwerp II?
A alinea 7
B alinea 8
C alinea 9
D alinea 10
181p
Wat is it wichtichste tekstdoel?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje

opgave 2Tekst 2 In ynternasjonaal literatuerfestival yn Fryslân: meitsje

dêr wurk fan
191p
Hokker doel hat de skriuwer mei alinea 1?
A Hy formulearret de probleemstelling fan de tekst.
B Hy formulearret de ûnderbouwing fan de titel.
C Hy formulearret in ferklearring fan in fenomeen.
D Hy formulearret in gearfetting fan de tekst.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 20 en 21.
“Dat is it lûd fan in trochpripte luchtballon.” (r. 25-26)
201p
Hokker stylfiguer befettet dy sin?
A ferliking
B hyperboal
C metafoar
D paradoks
211p
Lis yn dyn eigen wurden út wat de skriuwer mei dy stylfiguer sizze wol.
222p
Wat kin in literatuerfestival yn Fryslân opsmite neffens de skriuwer?
Neam trije mooglikheden út alinea 4.
Yn alinea 5 beskriuwt de skriuwer de stêden Frjentsjer en Harns.
231p
Neam út alinea 5 foar elke stêd ien eigenskipswurd dat in
karakterisearring is fan dat plak.
241p
Wat is it wichtichste boadskip fan de skriuwer yn alinea 5?
A Frjentsjer en Harns lizze inoar net en dat soe oars moatte.
B In grut festival dat him mjitte kin mei wrâldwide festivals kin ek op in
oar plak as Amsterdam organisearre wurde.
C In grut festival yn Fryslân hat kâns fan slagjen as der moed toand
wurdt om it oars as oars oan te pakken.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 25 en 26.
Yn de alinea’s 6 en 7 giet de skriuwer yn op it belied op it mêd fan literêre
eveneminten yn Fryslân.
251p
Wat wol de skriuwer dúdlik meitsje oer dat belied mei it tusken
oanhellingstekens setten fan ‘mear sichtber’?
261p
Sitearje út alinea 7 de sin dêr't út bliken docht wat neffens de skriuwer it
effekt fan dat belied is.
“sanksjonearre troch de status fan in popfestivaloptreden.” (r. 111-112)
271p
Lis yn eigen wurden út wat de skriuwer dêrmei sizze wol.
281p
Hokker gefolch út de alinea’s 6 en 7 hinget neffens de skriuwer gear mei
wat der yn Fryslân organisearre wurdt?
Yn alinea 9 wiist de skriuwer spesifyk op Wales. Yn alinea 1 hat er it ek al
oer dy regio hân.
291p
Wêrom hellet de skriuwer krekt Wales oan?
301p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 10 en 11?
A It is in opsomjend ferbân.
B It is in redenjaand ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
311p
Hokker type argumint wurdt brûkt yn de sin “Wie it... minderheidstalige
gebieten?” (r. 175-181)
A in argumint op basis fan autoriteit
B in argumint op basis fan emoasje
C in argumint op basis fan feiten
D in argumint op basis fan foarbylden
321p
Watfoar tekstsoarte is ‘In ynternasjonaal literatuerfestival yn Fryslân:
meitsje dêr wurk fan’?
A It is in betooch.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.

opgave 3Tekst 3 Poëzij is in waarm bad

331p
Hoe sjocht Kingma harsels as dichter?
Motivearje dyn antwurd op basis fan de alinea’s 1 en 2.
“‘Kinst poëzij besjen as middel, net per se as apart ûnderdiel.’” (r. 31-33)
341p
Sitearje it wurd út de tekst dat past by dy útspraak.
Yn de tekst beneamt Kingma ferskillende effekten fan poëzij.
351p
Hokker kognityf effekt neamt Kingma yn alinea 3?
361p
Hokker stylfiguer befettet de titel fan de tekst?
A ferliking
B metonymia
C persoanifikaasje
D pleonasme
371p
Ferklearje de titel fan de tekst.
Brûk alinea 5 foar dyn antwurd.
Tekst 2 en tekst 3
De laatste vragen van het examen gaan over tekst 2 en tekst 3.
Kingma docht yn tekst 3 de útspraak: “Leaver in poadium as in bondel.”
(r. 5-6). De Vries giet yn tekst 2 ek yn op it ferskynsel fan
poadiumdichters.
381p
Yn hokker alinea beskriuwt De Vries it dúdlikst wat neffens him it effekt
fan sokke dichters is?
A yn alinea 6
B yn alinea 7
C yn alinea 8
De Vries en Kingma geane beide yn op cross-overs yn de poëzij. Sy tinke
ferskillend oer it effekt dêrfan.
392p
Jou foar beide skriuwers oan wat neffens harren it effekt dêrfan is.
Lês de folgjende twa bewearingen:
1 Abe de Vries wol literatuerfestivals yn Fryslân, lykas bygelyks yn
Wales.
2 Sigrid Kingma wol de poëzij op ferskillende manieren sa ticht mooglik
by it publyk bringe.
401p
Jou fan de beide bewearingen oan oft dy al of net wier binne.
A De bewearingen 1 en 2 binne beide wier.
B De bewearingen 1 en 2 binne beide net wier.
C De bewearing 1 is al wier, de bewearing 2 is net wier.
D De bewearing 1 is net wier, de bewearing 2 is al wier.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.